Filmtip Noordelijk Film Festival: As myn filmhert in kompas wie en Look@me

08 nov 2019 - 11:33

It Noordelijk Film Festival is woansdei úteinset yn Ljouwert. Alle dagen fan dit festival jout de Fryske regisseur Bart Dokter in filmtip. Dizze freed diel 3 mei As myn filmhert in kompas wie en Look@me. It filmfestival duorret oant en mei snein 10 novimber.

Foto: Noordelijk Film Festival & Lars Hoekstra

"Mijn filmtip voor vandaag is As myn filmhert in kompas wie. Hierin wordt uitgelicht hoe het filmklimaat er in Friesland bij ligt, iets dat mij erg interesseert en na aan het hart ligt. Bovendien zijn hierin twee Friese makers aan het woord die ik erg respecteer, namelijk regisseurs Rutger Veenstra en Mirjam de With. Ook ben ik erg benieuwd naar Look@me. Ook een Fries initiatief, dit jaar voor het eerst in samenwerking met Eye! Er gebeurt veel vanuit filmend Friesland en dat is goed."

As myn filmhert in kompas wie, 18.15 oere (premjêre) - In FryslânDOK fan Annet Huisman wêryn't de Fryske filmmakkers Mirjam de With en Rutger Veenstra harren ljocht skine litte oer it noardlike aspekt yn harren wurk.

Look@me, 14.00 oere (besletten foarstelling) - Yn it projekt Look@me x mbo ha sa'n hûndert studinten fan D'Drive yn Ljouwert en it Mediacollege Amsterdam mei-inoar films makke ûnder begelieding fan profesjonele filmmakkers. De persoanlike ferhalen fan de studinten steane sintraal.

(advertinsje)
(advertinsje)