19 Fryske bedriuwen krije groei-award FD Gazelle

08 nov 2019 - 11:18

It Financieele Dagblad rikt elts jier de FD Gazellen Awards út oan bedriuwen yn Noard-Nederlân dy't it hurdst groeie. Der binne trije kategoryen: grut, middel en lyts. By de grutte bedriuwen stiet it bedriuw Wits Noord fan Drachten op it twadde plak. Yn de kategory lytse bedriuwen hat it bedriuw Cloud++ fan De Jouwer in tredde plak krigen. Yn totaal binne der 19 Fryske bedriuwen mei in FD Gazelle nominaasje.

Wits Noord yn Drachten - Foto: Google Street View

De hurdst groeiende bedriuwen binne neffens it FD yn de stêd Grins, hast de helte fan alle nominaasjes komt út de Grinzer haadstêd. Yn totaal hawwe 53 bedriuwen de titel FD Gazelle krigen. Fan de lanlike list komt sa'n 7 persint fan de bedriuwen út de noardlike provinsjes wei. De measte Fryske bedriuwen yn de list komme fan It Hearrenfean.

It giet om bedriuwen dy't op syn minst 20 persint yn omset tanommen binne oer de lêste trije boekjierren. De kategoryen binne yndield op basis fan de omset: lytse bedriuwen binne fan 250.000 oant 2 miljoen, middelgrutte tusken de 2 miljoen en 10 miljoen en grutte bedriuwen boppe de 10 miljoen.

Fryske bedriuwen mei in FD Gazelle (mei de ranking)

Grutte bedriuwen: Wits Noord (2, Drachten), Bedrijfsfitness Nederland (4, It Hearrenfean), Biddle (5, Koatstertille), Bougroep Dijkstra Draisma (6, Dokkum), FiscFree (8, It Hearrenfean), Movacolor (9, Snits) en Probo Sign (10, Dokkum)

Middelgrutte bedriuwen: Geje Truck Hydraulics (8, It Hearrenfean), Health2work (10, Surhústerfean), Van Vuuren Group (14, Grou) en Ventus Groep (15, It Hearrenfean).

Lytse bedriuwen: Cloud++ (3, De Jouwer), CTNET (8, It Hearrenfean), Effectus-HR (11, Ljouwert), Het Kleine Prinsje (13, Harns), MGciviel (15, De Jouwer), Netsupport (16, Ljouwert), Picknickers (19, Terherne) en Snekeware New Media (23, Snits).

(advertinsje)
(advertinsje)