Nij Smellinghe yn Drachten is bêste sikehûs yn Fryslân

Nij Smellinghe yn Drachten is it bêste sikehûs fan Fryslân yn de kategory algemien of streeksikehûs. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Algemeen Dagblad. It sikehûs stiet op it fjirde plak yn de jierlikse top 100.
Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Dêrnei folget Tjongerschans op It Hearrenfean op it noggende plak en it Antonius sikehûs yn Snits op plak 26. De kategory bestiet út 40 sikehuzen. It MCL yn Ljouwert falt yn in oare kategory, nammentlik yn de topklinyske sikehuzen. It stiet dêr op in sechsde plak fan de 26 sikehuzen.
De list wurdt ûnderferdield yn fjouwer kategoryen: akademyske sikehuzen, algemien of streeksikehûzen, topklinyske sikehuzen en oare sikehuzen. De akademyske sikehuzen en oare sikehuzen, lykas it UMCG yn Grins, binne net meinaam yn de skoares.
De top 100 fan it AD moat ynsicht jaan yn de kwaliteit fan de sikehuzen en se stimulearje om better te wurden.
Top 3 algemien of streeksikehûs:
1. Beatrixziekenhuis - Gorinchem
2. Maasziekenhuis Pantein - Boxmeer
3. Wilhelmina Ziekenhuis - Assen
Top 3 topklinyske sikehuzen:
1. Jeroen Bosch Ziekenhuis - Den Bosch
2. Deventer Ziekenhuis - Deventer
3. Zuyderland MC - Heerlen, Sittard-Geleen