Histoaryske ynstellingen tsjin nije brêge yn monumintaal bolwurk Dokkum

08 nov 2019 - 16:00

Fjouwer histoaryske ynstellingen hawwe in lilke brief oan it bestjoer en de gemeenteried fan Noardeast-Fryslân skreaun. Sy binne tsjin de plannen fan it gemeentebestjoer om in nije fuotgongersbrêge yn it monumintale Noarderbolwurk fan Dokkum te pleatsen.

It Noarderbolwurk en oan de oare kant fan it wetter it Panwurk yn Dokkum - Foto: Google Street View

De brief komt by de foarsitters wei fan de stichtingen Oud-Dockum en Historia Doccumensis, Histoaryske Feriening Noardeast-Fryslân en Museum Dokkum.

It giet om it plan om fan it Panwurk nei it Noarderbolwurk in brêge oan te lizzen, sa soe de kuierrûte nei de binnenstêd wat koarter wurde moatte. Neffens de ferieningen giet it lykwols mar om it ferkoartsjen fan de kuierrûte mei sa'n 100-150 meter. Dat is it neffens harren net wurdich.

'Oanslach op kwetsber plak'

Wichtiger is dat de fuotgongersbrêge neffens de ynstellingen in 'oanslach' op it histoaryske bolwurk fan Dokkum is. 'Hoe is het mogelijk,' skriuwe de ynstellingen yn de brief nei de gemeenteried, 'dat men hier op deze unieke en kwetsbare plek het karakter van dit monumentale deel van de vestingwal wil verbreken en vernielen?'.

De ynstellingen jouwe oan dat de binnenstêd foar in grut part ûnskeind de tiid troch kommen is, en dat it beskerme stedsgesicht bewarre bliuwe moat. Sûnt 1994 hat de fêstingwâl fan de stêd de status fan monumint, krigen fan de Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed. Dêrom wolle de ynstellingen graach meitinke oer it proses en yn petear mei de projektgroep.

'De earmoede fan doe is no ús rykdom'

Warner Banga fan stichting Historia Doccumensis: "Dokkum hat sokke moaie geve bolwurken, dat is al 400 jier sa. Yn de tiid dat in soad bolwurken sloopt binne, lykas dy fan Snits, Boalsert en Ljouwert, hie earm Dokkum net it jild om dat te dwaan. Dy earmoede is no ús rykdom. It is unyk, Dokkum is ien fan de geefste fêstingplakken fan Nederlân. Dêr moatte jo ôf bliuwe."

Noch op 'e tiid

Banga hopet noch op 'e tiid te wêzen. "Wy sitte noch yn de faze fan plannen, dus der is op 'e tiid oan de belle lutsen en net wachte oant de plannen kant en klear binne. De gemeente hat yntusken tasein ús te beheljen by it projekt. It kostet ek in soad jild, dus troch de brêge net te bouwen kin de gemeente ek in besparring dwaan. En sa wurdt it histoarysk karakter net oantaast."

Ferkearde beslissingen

De ynstellingen neame twa foarbylden fan hoe't it net moat. Ien dêrfan is de houten brêge tusken parkearterrein De Helling en de Koekebakkerssteech, krekt wat súdliker oer de Driepypstergrêft. "In pear jier ferlyn is dêr in flater makke troch dy lilke brêge dêr te setten, no wolle sy hjir wer soks. Dêr wolle wy wat oan dwaan," jout Banga oan.

Warner Banga fan stichting Historia Doccumensis

It plan foar it Panwurk mei op de eftergrûn de nije brêge - Foto: TWA Architecten
(advertinsje)
(advertinsje)