Kollum: "Feest yn it lân"

"It wie feest by de Lidl, want it wurd 'kryst' komt yn 'e nije folder oangeande de feestdagen amper foar. Der waard alwer om it hurdst roppen dat it bespotlik is en dat se it grif dogge om de moslims net te kwetsen. De berte fan Jezus wurdt fierd mei de kryst, dus is dit kultuerferneatiging. Dêr komt by dat de Lidl it yn 'e folder ek hat oer it Pakjesfeest yn stee fan it Sinteklazefeest en dêrom moatte we dizze winkel mar boycotte.
Hilda Talsma © Omrop Fryslân
De Toan fan Hilda Talsma
De reaksje fan de Lidl wie dat der nei 6 desimber in krystkampanje komt, as Sinteklaas syn wurk wer dien hat. En doe't ik dat lies, fûn ik it hielendal net sa raar. Persoanlik fyn ik it in ergernis as fan oktober ôf de pipernuten en krystballen neist elkoar yn 'e skappen lizze, wylst it úteinlik noch lang net sa fier is.
By de Lidl rjochtsje se harren mei dizze folder op it ferskaat oan feestlike mominten dy't wy dizze lêste moannen hawwe, sa as Sint Maarten, Sinteklaas, Kryst en Ald en Nij. Dat falt allegear ûnder de kampanjeparaplu 'Feest in het land' en ik begryp soks wol, want it liket my ek folle oersichtliker ta. Op dizze manier krijt alles oandacht sûnder dat it troch elkoar hinne rint en de konsuminten net gek wurden binne foardat de feestdagen echt begjinne.
Dêr komt by dat it ferhaal oer de berte fan Jezus neffens my oernommen is fan ús fiere foarâlden, dy't rûn dy tiid de berte fan it ljocht fierden. Wy spane hjir al langer om as dy 2000 jier dat we it ferhaal oer Jezus foar wier oannommen ha en dat is ek net altyd like sachtsinnich ferrûn. Hoefolle koppen binne der wol net rôle en hoefolle bloed is der wol net floeid, omdat hiele folksstammen twongen binne eat te leauwen dat se ynearsten hielendal net woene?
Dat jild foar mear geloven, dy't faak ek basearre wiene op eangst en ûnderdrukking en soest hast wol sizze dat der yn al dy tiid net in soad feroare is. Want ast sjochst wat sa'n reklamekampanje wol net tewei bringt en wat minsken der allegear útkreamje, lit it net bepaald in positive ûntwikkeling sjen. Dêr komt by dat it wurd 'geloven' oanjout dat it net wis is, want ast eat seker witst, dan leauwst it net.
Ik leau dat as Jezus bestien hat, er in hiele bêste man wie. Mar al dy ferhalen dy't se om him hinne betocht ha, leau ik net. Ik tink dat dy basearre binne op de heidenske feestdagen dy 't wer basearre wiene op de stân fan de sinne, moanne, stjerren en planeten. Troch dy te folgjen, wisten se wannear't de seizoenen wiene en de sinne wie fansels tige wichtich, dus de perioade dat er wer yn krêft tanimt ek.
Sa leauwe alle ynwenners fan ús lân in ferskaat oan ferhalen en dat fine se by de Lidl wol in feestje wurdich. Hokker feest makket neat út, want dêr't de iene op 5 desimber pakjesjûn hâldt, jout in oar de kadootsjes mei de krystdagen. En it is prima ast de berte fan Jezus fierst, mar ek ast it net dochst en hjoeddeis soest dochs hast wolris tinke dat we elkoar dêr net mear om ôf hoege te meitsjen.
It wurdt der sa net bepaald geselliger op yn ús kâlde kikkerlân. It Sinteklazefeest is ek gjin reet mear oan en sadwaande soargje we der mei-inoar foar dat dizze perioade yndied de meast tsjustere fan it jier is, mei in protte konsternaasje om fan alles dat net wis is of net bestiet. Knap ûnnoazel, of net dan?"