Sintrum fan Akkrum op 'e skeppe: mear grien, mar argewaasje oer parkearjen

08 nov 2019 - 08:25

Mear grien, minder auto's, romte foar terrassen én in selfy-plak. It sintrum fan Akkrum giet folslein op 'e skeppe. De wurkgroep Tsjerkebleek presintearre tongersdeitejûn de plannen foar dizze werynrjochting fan it sintrum.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

De wurkgroep kaam twa jier ferlyn ta stân, doe't der in oplossing komme moast foar de deade kastanjebeammen yn it doarp. De ynwenners fan Akkrum en Nes koene de ôfrûne tiid ynput jaan om it doarp griener en smûker te meitsjen. De definitive plannen foar de werynrjochting falle yn 'e smaak, mar der is noch wol it ien en oar te dwaan om it parkearjen yn it doarp.

Mear grien, mear sintraal parkeare

Linda Hof fan de wurkgroep: "De grootste verandering is wel dat we meer groen in het dorp willen en dat we niet meer overal willen parkeren, maar het meer willen concentreren. We hebben een heel mooi dorp met mooie gevels, daar kunnen we trots op zijn. Maar dat willen we ook uitstralen bij de Tsjerkebleek."

Der steane no noch beammen op it plein, mar dy wurde fuorthelle. "Hoe ga je er nu mee om als de kastanjebomen van de Tsjerkebleek weggehaald worden?", freget Hof har ôf. "Dan krijg je dat de uitstraling van het hele dorp anders wordt, omdat er ook veel geparkeerd wordt op het plein. Dat is eigenlijk zonde. De kastanjes maken het nu nog een mooie ruimte, maar als die weggaan dan wordt het meer een parkeerplaats dan een plein."

Sy krijt ferskillende reaksjes. In man op de gearkomste sei: "Ik vind het mooi dat er een kwaliteitsslag gemaakt wordt en dat het verblijf aantrekkelijker wordt. Het is alleen jammer dat je zoveel ruimte voor parkeren moet opofferen. Aan de andere kant: we willen allemaal autorijden en met de auto naar de patatzaak, dus het is kiezen tussen twee kwaden."

Wurkgroep sjocht nei gemeente

Der wie 19.000 euro beskikber foar de plannen, mar dat is al opgien oan de ûntwerpen, planning en oare tariedingen. Linda Hof: "Dat is wel een probleem, we zijn al een jaar bezig en het geld is nu op. We willen het graag een slag verder brengen, we hebben nu ook na al die avonden met de bewoners, ondernemers en iedereen geld nodig. Maar dat is natuurlijk ook aan de gemeenteraad. We gaan er wel vanuit dat het doorgaat."

Ferslachjouwer Jeroen Boersma by de gearkomste yn Akkrum

(advertinsje)
(advertinsje)