Twa kear mear drugspannen sluten troch Fryske gemeenten as twa jier ferlyn

08 nov 2019 - 13:39

Fryske gemeenten slute twa kear safolle drugspannen yn ferliking mei twa jier earder. Dat docht bliken út ûndersyk fan Omrop Fryslân. Yn de gemeente Ljouwert binne de measte pannen sletten, mar ek Waadhoeke slút hieltyd mear. Mar helpt it op slot dwaan fan de pannen ek echt tsjin de oerlêst?

It sluten fan in coffeeshop, winkel of wenning is in maatregel dy't de boargemaster fan in gemeente brûke kin op basis fan de 'Wet Damocles.' Dizze wet hat koart sein as doel om oerlêst fan drugshannel te bestriden. "Ik zet het beleid van mijn voorganger Crone door. Ik ben verantwoordelijk voor de openbare orde en veiligheid. In wijken waar drugspanden voor overlast zorgen, grijp ik in," jout boargemaster Buma oan.

Yn de gemeente Ljouwert binne der yn dit jier allinnich al 27 wenningen sluten. Dat is mear as in ferdûbeling yn ferliking mei 2017. Doe waarden der mar njoggen wenten sluten.

Drugsoerlêst

"Wy geane no oars om mei drugsoerlêst as yn it ferline", seit Cor Reijenga, teamsjef fan de plysje yn Ljouwert. Hy hat lieding oer in drugsoerlêst-team fan seis minsken. "Oeral dêr't wy ien útskoppe kinne, dogge wy dat ek. As der oerlêst is troch drugshannel hannelje wy no mei koarte klappen, earder diene wy langer ûndersyk en duorret it gewoan langer."

In wetterbêdeffekt

Oft it sluten fan drugspannen de oplossing is foar de oerlêst oer de hiele stêd, betwivelet Reijenga. Hy fynt it benammen symptoombestriding. "Wy krije dêrmei in wetterbêdeffekt. Ast op de iene kant fan it bêd drukst, dan komt it oan de oare kant wer omheech."

Dochs fynt Reijenga de bestriding tige wichtich. "Wy dogge it foar de boargers, sa't sy der gjin lêst mear fan hawwe." Yn guon gefallen hat it ek wol effekt hân. "Bygelyks yn de Weaze. Dêr hawwe wy jierren lang west en no is der in hiel soad minder oerlêst." Oare gemeenten folgje yntusken ek it foarbyld fan Ljouwert.

Drugspân yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Oersjoch sluting drugspannen Fryske gemeenten

2017 2018 2019
Achtkarspelen 0 1 1
Amelân 0 0 0
Dantumadiel 0 0 0
De Fryske Marren 3 3 1
Harns 0 0 2
Hearrenfean 0 0 0
Ljouwert 9 17 25
Noardeast-Fryslân 0 1 3
Eaststellingwerf 3 2 0
Opsterlân 0 0 0
Skiermûntseach 0 0 0
Smellingerlân 0 7 2
Súdwest-Fryslân 0 2 1
Skylge 0 0 1
Tytsjerksteradiel 0 2 1
Flylân 0 0 0
Waadhoeke 2 3 5
Weststellingwerf 3 1 3
Totaal 20 39 45
(advertinsje)
(advertinsje)