Ek Noardeast-Fryslân wol besykje in PFAS-regeling te treffen mei in moasje

07 nov 2019 - 22:04

Sân partijen fan de gemeente Noardeast-Fryslân hawwe in moasje yntsjinne om't sy in tydlike PFAS-regeling mooglik te meitsjen. De partijen wolle dat it kolleezje sa gau as mooglik it ferfier fan grûn en sân wer mooglik makket mei in skjinne-grûn-ferklearring.

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

De moasje is yntsjinne troch FNP, CDA, VVD, S!N, Gemeentebelangen, PvdA en ChristenUnie. De regeling moat jilde oant de boaiemkwaliteitskaarten ree binne foar de gemeente. Neffens de partijen leverje de PFAS en de PFOA-regelingen in soad swierrichheden op foar boubedriuwen en grûnbedriuwen. Sy fine dat de gemeente net efteroer leune moat en de kwestje trochskowe moat nei de provinsje of Den Haag.

"Us boubedriuwen en ús grûnfersetters, stadichoan sakje se fuort yn it ekonomysk driuwsân fan de PFAS en de PFOA. Derom tsjinnen wy dizze moasje mei riedsbrede stipe yn, sadat ús bedriuwen earst wer fierder bouwe kinne oan in stabile ekonomyske basis," sa skriuwt de FNP op harren kanalen.

De partijen yn Noardeast-Fryslân binne net de easten dy't mei in moasje wat oan de PFAS-problematyk besykje te dwaan. Tongersdei hat in moasje om de PFAS-noarm te ferheegjen it net helle yn Tytsjerksteradiel.

(advertinsje)
(advertinsje)