UPDATE: Plysje wit wa't út 'e tiid rekke jogger yn Ljouwert is

08 nov 2019 - 07:11

It is de plysje slagge de identiteit te achterheljen fan in jogger dy't út 'e tiid rekke yn Ljouwert. De eksakte identiteit is net bekend makke, mar de famylje fan de hurdrinner is yntusken wol ynljochte. It giet om in man fan om de 60 jier âld hinne.

Foto: Pxhere

De man rûn tongersdeitejûn sûnder selskip by de folkstúntsjes by de Vierhuisterweg yn Ljouwert, doe't er út de tiid rekke. Hy waard oerbrocht nei it sikehûs, mar hie gjin legitimaasje by him.

De plysje die in oprop op sosjale media om de identiteit fan de hurdrinner te achterheljen. Dat is úteinlik dus slagge.

(advertinsje)
(advertinsje)