Mediawiisheid-platfoarm moat helpe yn in wrâld fan eltse dei online wêze

07 nov 2019 - 21:37

In grut part fan ús libben spilet him ôf fia online media. It finen fan in hûs, baan of partner, of it keapjen fan allerhanne guod. It is hiel gewoan wurden om ynternet dêrby te brûken. Mar ek kriminele saken spylje harren online ôf. Om wat mear wiis te wurden oer hoe't men feilich mei media omgean kin, is in nij platfoarm yn it libben roppen.

Foto: Pixabay

It 'Platform Mediawijsheid Friesland' moat soargje foar in gruttere mediawiisheid ûnder boargers en bedriuwen yn Fryslân. It platfoarm wurdt freed op it Noordelijk Film Festival offisjeel lansearre mei as doel om yn de takomst inisjativen te ûntwikkeljen dy't bydrage oan dy mediawiisheid. It platfoarm is in gearwurking tusken New Noardic Wave, Suksawat, Fers, ROC Friesland College en NHL Stenden.

'Platform Mediawijsheid Friesland' wurdt yn it Neushoorn-kafee yn Ljouwert presintearre. Dêr sil sprutsen wurde oer it ferskil tusken mediawiisheid en media-eangst. In hacker lit sjen hoe maklik it is om in Instagram-account te hacken. Leden fan it platfoarm binne by de lansearring oanwêzich om mei belangstellenden yn petear te gean.

(advertinsje)
(advertinsje)