Mear jild foar beweging yn Weststellingwerf mei sportakkoart

07 nov 2019 - 20:51

It bestjoer fan Weststellingwerf hat in 'Lokaal akkoart sport en beweging' ôfsletten en giet ta de bûse om minsken yn de gemeente wat mear sporte te litten. De kommende twa jier is der elts jier in bedrach fan 20.000 euro foar it hâlden fan sportaktiviteiten yn de gemeente Weststellingwerf.

FC Wolvegea - Foto: Google Street View

Minister Bruins fan Sport hat yn 2018 in nasjonaal sportakkoart sletten. Der kaam foar eltse gemeente 15.000 beskikber om in prosesbegelieder yn te skeakeljen om derfoar te soargjen dat safolle mooglik ynwenners mear bewege. Yn juny hawwe Weststellingwerf, ûnderwiisorganisaasje Comprix en sportferieningen SCO fan Aldeholtpea en FC Wolvegea in yntinsjeferklearring tekene om sa'n 'sportformateur' oan te stellen. Dat is André Kasel wurden.

No is der dus wer in nije stap makke. Noch net lang lyn is der flink besunige op sport yn Weststellingwerf, dit akkoart makket wer wat mear mooglik, sa sei wethâlder Jack Jongebloed.

(advertinsje)
(advertinsje)