Salmonella-baktearje fûn by fleis fan Weidenaar yn Dokkum

07 nov 2019 - 20:32

Fleisleveransier Weidenaar fan Dokkum hellet fuortdaalks produkten mei kowefleis út de winkels om't de salmonella-baktearje fûn is. Dêrtroch kinne der ferskate produkten besmet wêze. De baktearje is fûn by in reguliere kwaliteitskontrôle yn in grûnstof dy't wer by in oar bedriuw wei komt. Under oare supermerk Albert Heijn ferkeapet ferskate produkten fan it Dokkumer bedriuw.

Waddenburger fan Weidenaar - Foto: Weidenaar

It giet bygelyks om saneamde Waddenburgers, Waddengehak, kowesausizen en Wadden-sausizen. Op de webside stiet in list mei alle spesifike produkten, it giet om produkten mei in hâldberensdatum oant 7-11-2019 en 11-11-2019. Weidenaar freget om de produkten net op te iten en se werom te bringen nei de winkel. It iten fan besmette produkten is benammen in gefaar foar bern, âlderein, froulju yn ferwachting en minsken mei in swak ôfwarsysteem.

It soe benammen gean om supermerken yn it noarden fan it lân. It is de earste kear dat der salmonella fûn is by it bedriuw. It bedriuw jout oan bot skrokken te wezen en Wini Weidenaar fan it bedriuw jout oan it te betreuren, ek al komt it fleis by in oare leverensier wei. Direkteur Lieuwe Weidenaar makket op de webside in ekskús nei eltsenien.

De besmetting is yntusken oanjûn by de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit (NVWA). Alle partijen dy't it fleis ynkocht hawwe, binne op de hichte steld om it fleis út de winkels te heljen.

(advertinsje)
(advertinsje)