Eigener fan de Waard van Ternaard hâldt nei 12,5 jier op

07 nov 2019 - 20:01

De eigener fan de Waard van Ternaard, sjef-kok Michael Roest, sil nei goed 12 jier ophâlde mei syn hotel-restaurant dat yn de omjouwing fan it doarp as renommearre bekend stiet. Roest hat in soad prizen wûn en wurdearring krigen fan gasten út binnen- en bûtenlân en goeie resinsjes krigen yn kulinêre blêden.

De Waard van Ternaard - Foto: Herberg de Waard van Ternaard

Neffens it blêd Special Bite hie it hotel-restaurant yn 2009 it bêste terras fan de provinsje. Eigener Roest wol syn kennis en kunde no ynsette yn de foarm fan nije útdagingen. Nei alle gedachten bliuwt Roest wurksum yn it noarden fan it lân. Oant 31 desimber is it noch mooglik om te iten en te sliepen yn de Waard van Ternaard. It pân stiet wol te keap.

(advertinsje)
(advertinsje)