Moasje om PFAS-noarm te ferheegjen hellet it net yn Tytsjerksteradiel

07 nov 2019 - 19:51

It is guon opposysjepartijen yn de gemeenteried fan Tytsjerksteradiel net slagge om de PFAS-ympasse op te lossen foar grûnfersetbedriuwen yn de gemeente. Partij voor de Boeren, VVD en PvdA krigen allinne stipe fan ien riedslid fan GrienLinks.

It gemeentehûs fan Tytsjerksteradiel - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De opposysjepartijen woene de grinswearden PFAS yn de grûn ferheegje fan 0,1 mikrogram de kilo nei 1,0 mikrogram de kilo, mar dêr woene de oare partijen net oan. Dy fine it risiko grut dat de gemeente Tytsjerksteradiel it ôffierputsje wurde sil, ek al om't oare gemeenten dizze grinswearden net ferheegje.

Partij voor de Boeren, VVD, PvdA woene mei de ferheging berikke dat de bedriuwen wer oan de slach kinne. No steane dy troch de PFAS-maatregels op slot. PFAS stiet foar in grutte groep fergiftige stoffen dy't sawat oeral yn Nederlân yn de grûn sitte. Se binne sa skealik dat it Ryk besletten hat dat boaiems dy't no skjin binne, net fersmoarge wurde meie mei grûn mei PFAS deryn.

Nynke Koopmans (PvdB) en Peter van der Hoef (PvdA) oer de moasje

De moasje fan de opposysjepartijen is net oannommen, mar der wurdt wol in brief skreaun oan de steatssekretaris fan Ynfrastruktuer en Wettersteat om de ûntefredenheid oer de PFAS-kwestje oan te jaan.

Yn de ried wiene der benammen in soad fragen. De PFAS-wearden binne noch net bekend, en ek waard der ôffrege wat ien gemeente dwaan kin. Fierder wiene der trije bedriuwen dy't ynsprutsen.

Túnker Michel van Kammen en Jantsje van der Veen (CU)

(advertinsje)
(advertinsje)