Ferljochte tagong ta De Jouwer lit noch efkes op him wachtsje

07 nov 2019 - 19:07

De lantearnepeallen boppe de yntree fan De Jouwer fan de sneldyk ôf dogge it noch hieltyd net. It is in wichtich plak, want de ovatonde dêr't se steane is in drok ferkearsknooppunt. Gjin ljocht kin liede ta ûnfeilige situaasjes by de tagong fan De Jouwer. It probleem is bekend by de gemeente, mar in oplossing lit lykwols noch efkes op him wachtsje.

De leantearnepeallen op de Geert Knolwei - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De gemeente skriuwt dat der ûnder de grûn in steuring is oan de kabels foar de lantearnepeallen. It probleem is al trochjûn oan netbehearder Liander. Der moat in saneamde mjitwein komme om de steuring te trasearjen, mar dêr is mar ien fan yn hiel Noard-Nederlân. Oant dy tiid bliuwt de ovatonde dus noch efkes tsjuster.

De Geert Knolwei op jûntiid - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda
(advertinsje)
(advertinsje)