Smellingerlân hâldt gaswinning net tsjin mei bestimmingsplan

07 nov 2019 - 18:47

De gemeente Smellingerlân mei gjin gaswinning bûten de doar hâlde troch it bestimmingsplan te wizigjen. Dat docht bliken út de útspraak fan de Ried fan Steat oer de rjochtmjittigens fan nije gaswinningsplannen. Gaswinner Vermilion is wiis mei dizze útspraak fan de rjochter.

Foto: Omrop Fryslan, Timo Jepkema

De rjochtsaak wie oanspand troch it ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat. De Ried fan Steat hat alle beswieren op it winningsplan ôfwiisd. Neffens de rjochter is it terjochte dat it ministearje akkoart gien is mei de plannen.

Dúdlik sinjaal

Neffens Vermilion is it in dúdlik sinjaal dat gemeenten gjin bestimmingsplannen ynsette meie om de winning fan ierdgas tsjin te gean. It bedriuw hopet dat mei dizze útspraak 'het energiebeleid van het Rijk en de lokale overheden dichter bij elkaar komen.'

(advertinsje)
(advertinsje)