Albino-hart sjoen yn it Ketliker Skar
Yn natuergebiet it Ketliker Skar tusken Nijhoarne en Ketlik is in tige bysûndere ûntdekking dien. Dêr rint nammentlik in seldsum wyt hart rûn, in albino-hart. It bist is sjoen troch Aaltje van der Meer, sy wie noch op 'e tiid om it bist op de foto te setten sa't Omrop Fryslân it moaie plaatsje mei jo diele kin.