Boeren op Skiermûntseach wolle duorsum: mar krije sy dat foarinoar?

Der binne sân melkfeehâlders op Skiermûntseach dwaande om te skeakeljen nei duorsume en stikstofearme lânbou. Sy binne ree om in part fan it fee yn te leverjen foar in oare wize fan buorkjen, sterker noch, guon hawwe dat foar in part al dien. Mar oant it finansjeel út kin, wolle sy stipe fan de provinsje. Der is sa'n 2 miljoen euro nedich. En it is dreech om dat op tafel te krijen.
Omskeakeling boeren Skiermuntseach noch net klear
De ekstinsyf produsearre molke moat op it eilân ferwurke en ferkocht wurde. Der moat in Zuivelhoeve komme dêr't bygelyks de lokaal makke tsiis ferkocht wurdt. Subsydzje mei net samar jûn wurde, om't Europeeske regels dat ferbiede om't it steatsstipe is. Ek partijen lykas Friesland Campina en de Rabobank steane net te springen, om't sy benaud binne dat oare boeren it ek wolle.
Dochs wolle deputearre Johannes Kramer, boargemaster Ineke van Gent en de boeren sels dat der wol stipe komt om de transysjeperioade te oerbrêgjen. Der is oerlis tusken gemeente, provinsje en saakkundigen fan it ministearje fan Lânbou. Ein novimber soe der in oplossing komme moatte.

'Het project verdient het'

"Zoals u weet is Schiermonnikoog al proeftuin aangewezen door ministerie van Landbouw, Natuur en Voedselkwaliteit, en dat betekent ook dat Schiermonnikog ook als voorbeeld dient voor hoe er omgeschakeld kan worden. Ik ga er vanuit dat we eruit komen, want dit is een prachtig project dat het verdient," seit boargemaster Ineke van Gent.
Deputearre Kramer is it dêr wol mei iens. "Dit projekt is té wichtich foar ús, dus wy wolle echt alles út de kast helje om te sjen dat wy de boeren helpe kinne by dy omskeakeling."
Boer Peter Visser fan Skiermûntseach

Kâns fan slagjen

Boer Peter Visser fan Skiermûntseach: "Ik haw al 30 persint fan myn kij ynlevere, foar mysels al. Wy hawwe in soad lêst fan guozzen, dy frette ús earste snee folslein op en de twadde snee foar de helte. Dus der moat in soad fretten kocht wurde. Dêrom haw ik doe de kar makke om fee yn te leverjen. De kosten binne sa heech dat je tinke: wêr binne je mei dwaande?"
Neffens him hat it plan mei duorsum buorkje kâns fan slagjen. "Ik haw sels al in ekonomysk sûn bedriuw opset. Ek om't ik sinnepanielen op it dak haw. Foar de kommende 15 jier bin ik wol wis fan myn bedriuw. Der kin in Zuivelhoeve boud wurde dêr't wy de tsiis, yochert en molke ferkeapje kinne oan bewenners fan it eilân en toeristen. Wy kinne wol 10 sint mear barre foar de molke. Mar soks duorret noch efkes, it ynkommen sakket efkes en dy perioade moat oerbrêge wurde," seit Visser.

Oplossing fan boeren séls

"Foar't wy ekstra jild foar de molke krije, binne wy fiif jier fierder. Dêrom hawwe wy sa'n transysjefergoeding nedich. As dy der net komt, dan falle wy werom yn de doelstellingen dy't de provinsje opsteld hat. Dat betsjut dat der in bedriuw fan it eilân wei moat. Der moat natuergebiet komme fan de bunders dy't der oer bliuwe," seit boer Ludie van de Bijl.
It duorsume projekt fynt hy in moaie oplossing. "Benammen om't wy as boeren séls in oplossing betinke. Wy binne der wol gerêst op dat it goed komt."
Boer Ludie van de Bijl fan Skiermûntseach