Nij sûnensplatfoarm foar medyske ynformaasje yn it noarden

07 nov 2019 - 17:32

Eltsenien is sels baas oer wat der mei harren medyske gegevens bart, mar op it stuit kinne je dêr net it measte mei. In nij inisjatyf yn it noarden fan ûnder oare soarchfersekerder De Friesland, sikehûs MCL en Philips moat dêr feroaring yn bringe.

It is de bedoeling dat der in saneamde persoanlike sûnensomjouwing makke wurdt op it ynternet. Je kinne dêr je eigen medyske gegevens ynsjen en oanfolje, mar ek tastimming jaan foar it gebrûk fan dy gegevens troch soarchferlieners. En mooglik kinne je der yn takomst noch wol mear mei, sa as ynformaasje oer behannelingen. Dat is tongersdei sein by in presintaasje fan De Friesland yn Ljouwert.

Subsydzje

It projekt kostet 10 miljoen euro: 4 miljoen dêrfan soe út de kas komme moatte fan it 'Samenwerkingsverband Noord Nederland' (SNN). Dy subsydzje is noch net takend. Komt der gjin subsydzje dan giet it noch wol troch, mar dan op in oare wize. Yn totaal hawwe al 37 partijen yn en om de soarch 'ja' sein tsjin dit inisjatyf. It is de grutste yn syn soart fan Nederlân. De ambysje is om oer 5 jier 200.000 brûkers te hawwen.

(advertinsje)
(advertinsje)