Fryske Akademy wiis mei rêdingsplan, mar wat tinke de oare ynstellingen?

07 nov 2019 - 20:00

De Fryske Akademy is wiis mei it rêdingsplan fan de provinsje foar de wittenskiplike ynstelling. "Wy komme in fallisemint tichterby en we kinne no wer opbouwe nei in sûne situaasje foar de Fryske Akademy," seit ynterim-direkteur Willem Smink. Tongersdei waard bekend dat de provinsje de kommende fiif jier in miljoen euro beskikber stelt en der is in bedrach fan 350.000 euro foar reorganisaasje.

De Akademy hat al jierren in struktureel tekoart en hie frege om 500.000 euro it jier derby. De provinsje wol lykwols net fierder gean as 200.000. "It is krap," seit Smink. "It betsjut dat der echt goed sjoen wurde moat nei hokker prioriteiten wy stelle kinne yn ús ûndersyk en ek dat wy hiel goed sjen wolle nei op hokker wize we gearwurkje kinne mei oare organisaasjes."

Dy gearwurking is ien fan de easken fan provinsje Fryslân foar it beskikber stellen fan it jild. De Fryske Akademy moat sjen wat se tegearre mei ûnder oare de Campus Fryslân, it Frysk Planburo en Tresoar oppakke kinne.

Kwaliteit moat foarop

Smink sjocht dêr wol kânsen yn: "Wy sjogge grif mooglikheden ta gearwurking, wy dogge dat ek al. Mar it is wol wichtich dat de provinsje ek tsjin de oare ynstellingen seit dat sy ek mei ús gearwurkje moatte. As it allinne fan ús ôf hinget, dan sil it net slagje. Ik tink dat de provinsje ek de oare ynstânsjes útnûgje sil. De provinsje hat fansels ek relaasjes mei de oare ynstellingen en kin dêr ek in behoarlik twingend fersyk dellizze."

Ik tink dat wy mei-inoar wolle dat de kwaliteit en de betsjutting fan ús ûndersyk foar de Fryske taal en kultuer grutter wurdt. Dat ferplichtet alle ynstellingen om dêrmei te helpen.

Ynterim-direkteur Willem Smink fan de Fryske Akademy

De kwaliteit fan it ûndersyk, moat neffens Smink wol foarop stean. "Ik tink dat wy mei-inoar wolle dat de kwaliteit en de betsjutting fan ús ûndersyk foar de Fryske taal en kultuer grutter wurdt. Dat ferplichtet alle ynstellingen om dêrmei te helpen."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Ek by Tresoar binne se wol entûsjast. "Ik tink dat wy ris mei-inoar om tafel moatte om te sjen hoe't we de hiele proses fan kennis ynrjochtsje yn Fryslân," seit direkteur Bert Looper fan Tresoar. "Wy hawwe fansels altyd wol programmatyske of fasilitêre gearwurking. Mar no is it momint om dat ris wat mear yn gearhing en fan in soarte 'mienskiplik mission statement' op 'e nij te besjen."

Kennis- en kultueroerdracht

Looper: "Wy sitte mei-inoar as Fryske ynstellingen yn in keat fan boarne, nei ûndersyk, nei publykspresintaasjes en wittenskiplile presintaasjes. Ik tink dat wy no mei it each op it digitalisearjen en de nije ynformaasjetechnology echt ris sjen moatte: hoe rjochtsje wy dat proses fan kennis- en kultueroerdracht yn Fryslân yn?"

It soe fansels wol apart wêze dat wy as Tresoar de oplossing foar de Fryske Akademy wêze moatte.

Bert Looper, Tresoar

"Der binne ek wol oerlapingen," jout Looper fan Tresoar oan. "Wy binne ek dwaande mei literatuer en histoarysk ûndersyk, dus der binne in soad terreinen dêr't wy yn gearwurkje kinne. It soe fansels wol apart wêze dat wy as Tresoar de oplossing foar de Fryske Akademy wêze moatte. Dus ik soe benammen fan in nij, ynspirearjend missy-statement sjen wolle hoe't wy dat ynrjochtsje kinne. It soe wol spitich wêze as wy no fan it jild út gearwurkje moatte. It moat echt gean om Fryslân, kultueroerdracht en in nije kulturele opdracht."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Mar der moat mear barre as allinnich it stellen fan prioriteiten en it sykjen nei nije gearwurking. Der moat ek echt snijd wurde yn de eigen organisaasje. Der sil in part fan it stypjend personiel ferdwine moatte. "It giet om sa'n fiif FTE en dat docht fansels sear, mar it moat barre. As wy echt wer finansjeel sûn wurde wolle, dan moatte we dit dwaan," mient Smink. De besuniging moat yn de rin fan 2021 rûn wêze.

De komst fan it jild fan de provinsje is noch net hielendal wis. Provinsjale Steaten moatte der yn desimber noch in definityf beslút oer nimme.

Ynterim-direkteur Willem Smink fan de Fryske Akademy en direkteur Bert Looper fan Tresoar

(advertinsje)
(advertinsje)