FIDEO: Skoalbern foar moarnsbrochje nei boargemaster ta yn Eaststellingwerf

07 nov 2019 - 16:43

Se sizze wolris dat it moarnsbrochje it belangrykste miel is fan de dei. Om dêr nochris ekstra de klam op te lizzen is it Nationale Schoolontbijt betocht. Skoalbern yn Easterwâlde krigen dat tongersdeitemoarn en makken dêrmei in goeie start fan de dei en ek nochris op in spesjaal plakje.

It tema fan it moarnsbrochje wie dit jier 'Neem tijd voor je Ontbijt'. Boargemaster Oosterman betelle foar it moarnsbrochje. Dêrmei die hy in donaasje foar Het Vergeten Kind, dit jier it goede doel fan it Nationale Schoolontbijt.

(advertinsje)
(advertinsje)