Partikulier ferpleechkundige stelt jild fan âlderein

07 nov 2019 - 16:28

In frou (52) dy't as partikulier ferpleechkundige jild stellen hat fan âlderein dy't help nedich hie, krige tongersdei yn de rjochtbank in eask fan 18 moanne sel wêrfan 10 ûnder betingst te hearren.

Foto: ANP

De offisier fan justysje hat de rjochtbank frege om de frou ek in beropsferbod op te lizzen en, om foar te kommen dat se yn de takomst op 'e nij taslacht, oer twa wiken yn it fûnis de fertochte ek mei namme en tanamme te neamen.

Faker feroardiele foar stellerij en flesselûkerij

De frou, dy't op it stuit gjin fêst wenplak hat, hat fan augustus 2018 ôf, op fiif adressen yn Fryslân en Drinte âlde minsken dy't har as ferpleechkundige ynhierd hiene bestellen. By in famylje yn Snits kaam de stellerij oan it ljocht. Letter waard bekend dat se ek yn Grou, Akkrum, Ealahuzen en Schoonoord jild stellen hie.

De fertochte seit dat se skulden hat. In psycholooch hat fêststeld dat de frou in steurnis hat wêrtroch't se gjin wjerstân biede kin oan de ferlieding om jild te stellen. Se is sûnt 2005 faker feroardiele foar stellerij en flesselûkerij. De reklassearring en de psycholooch advisearren in klinyske behanneling.

De rjochtbank docht 21 novimber útspraak.

(advertinsje)
(advertinsje)