Provinsje sil kommende wiken petearen hâlde oer stikstofproblematyk

De kommende twa wiken sil de provinsje petearen hâlde oer de stikstofproblematyk. Fertsjintwurdigers út de lânbou, ferfier, natuer en bou binne útnûge. De petearen binne neffens de provinsje in earste stap yn in brede dialooch oer it stikstofprobleem.
© Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
De provinsje luts op freed 11 oktober de beliedsregels stikstof yn nei de boere-protesten. Omdat de beliedsregels ynlutsen binne leit de fergunning ferliening no stil. Op 1 desimber sil it Ryk mei oanfoljende regeljouwing komme. Dat bart yn oerlis mei hast alle provinsjes. Allinnich Fryslân praat dêr net yn mei.

Gjin hanteken Fryslân

De provinsje Fryslân hat as iennichste net in hanteken set ûnder in ferklearring fan it Ryk en de provinsjes oer hoe't se de stikstofproblematyk oanpakke wolle. Yn de ferklearring stiet dat de partijen mei inoar oan belied wurkje. Fryslân hat de ferklearring net tekene, omdat de provinsje net de yndruk meitsje wol dat der no wer wat yn achterkeammerkes regele wurdt, sa sei deputearre Johannes Kramer earder.
Kramer woe earst mei de belutsen partijen prate oer hoe't de stikstofkrisis oanpakt wurde moat. Dat sil de kommende twa wiken barre.