Plysje nimt rydbewizen yn

12 nov 2011 - 11:53
Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat freed twa rydbewizen ynnaam. In 18-jierrige automobilist út Almere ried oer de Aldlânsdyk yn Ljouwert mei in snelheid fan 112 kilometer, dêr't 50 it maksimum is. In 37-jierrige bestjoerder út Frjentsjer siet mei drank op achter it stjoer. Hy waard oanhâlden op de Tsjerkebuorren.

Beide bestjoerders moatte meidwaan oan in kursus foar ferkearsdielnimmers dy't de fout yn gean binne. Se moatte de kosten fan 700 oant 800 euro sels betelje.

Trefwurden: 
rydbewiis
(advertinsje)
(advertinsje)