HEA! Koos kleuret de wrâld
Kij, Boeddha-bylden, etalaazjepoppen... Je kinne it sa gek net betinke of Koos Reinsma fan Ljouwert makket der wat kleurichs fan. De âld-reklameskilder kin net sa goed stilsitte. Yn syn túnhúske-atelier efter hûs is hy eins alle dagen wol oan it skilderjen. Sels syn learen jas moast der oan leauwe.