PAL GrienLinks Ljouwert hat noed oer privacy yn fraude-kontrôlesysteem

07 nov 2019 - 15:40

De fraksje PAL GrienLinks fan gemeente Ljouwert stelt fragen oer de privacy fan boargers mei it fraude-kontrôlesysteem SyRI (Systeem Risico Indicatie). Dat systeem is yn 2014 opset troch it ministearje fan Sosjale Saken om flugger fraude mei útkearingen, taslaggen en belesting op te spoaren.

Fraude - Foto: Pixabay

Gemeenten kinne mei SyRI persoansgegevens fan boargers, dy't noch fan neat fertocht wurde, út allegearre databanken mei inoar kombinearje. Mei dizze algoritmen fynt in risikoanalyze fan in grutte groep minsken pleats. Wannear't der neffens it kontrôlesysteem sprake is fan in heger risikoprofyl, wurdt de boarger opnommen yn it 'Register Risicomelding.' Ferskate ynstânsjes kinne dizze data ynsjen en beslute om fierder ûndersyk te dwaan troch bygelyks fraude-resjersjeurs yn te setten.

Hoe't SyRI wurket is geheim. Gemeenterieden kinne dit net kontrolearje en boargers kinne in ûnterjochte melding yn it register net oanfjochtsje. PAL GrienLinks wol ûnder oare witte of gemeente Ljouwert ek gebrûk makket fan SyRI of oare kontrôlesystemen.

Rjochtsaak

Op tiisdei 29 oktober wie in rjochtsaak fan in kollektyf fan maatskiplike organisaasjes tsjin de oerheid om in ein te meitsjen oan it Systeem Risico Indicatie. De útspraak fan dizze saak is op 29 jannewaris. PAL GrienLinks wol ek witte of it kolleezje op 'e hichte is fan de rjochtsaak dy't op it stuit rint.

(advertinsje)
(advertinsje)