"Noarderlingen minder kânsen op arbeidsmerk"

07 nov 2019 - 15:24

Wêr'tst wennest, hat ynfloed op dyn kânsen op wurk. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Planbureau voor de Leefomgeving, skriuwt RTV Noord. Yn it ûndersyk is net sjoen nei wurkleasheidsifers of it tal minsken yn de bystân, mar hoe't it wurksume libben fan minsken ferrint.

UWV Werkplein - Foto: ANP

Ekonoom Arjen Edzes is ien fan de belutsen ûndersikers. "Stel dat iemand werkloos is geworden, wat is dan de kans dat hij weer aan het werk komt? De andere onderzochte doelgroep is schoolverlaters. Hoe ziet hun loopbaan eruit? Krijgen ze vaste contracten met veel werkzekerheid of juist veel flexibele baantjes? Die loopbaan hebben we voor een periode van zes à zeven jaar gevolgd."

Ut it ûndersyk docht bliken dat de kâns op in baan yn de rânen fan Nederlân, wêrûnder yn it Noarden, sa'n fjouwer persint leger leit as yn de Rânestêd. "Het is een politieke vraag of je verschillen in kansen acceptabel vindt in een land. Dat iemand die in Groningen woont een andere kans heeft op een werkzeker pad dan iemand in Amersfoort. Het is belangrijk om daar soms discussie over te voeren. Het voelt in ieder geval wel als onrechtvaardig dat mensen geen gelijke kansen hebben," seit Edzes.

'Ynvestearje yn ûnderwiis en ferfier'

Dêrneist makket it út oftst yn de stêd of op it plattelân wennest. Neffens de ûndersikers biede stêden in protte kânsen op wurk, mar lûke se ek in grutte groep minsken oan dy't de banen net ynfolje kinne, lykas net-westerske minderheden en minsken mei in leech opliedingsnivo. Yn doarpen binne minder banen beskikber, mar is ek in protte âlderein.

De ûndersikers hawwe wol ideeën oer mooglike maatregels. Edzes: "Onderwijs vind ik één van de belangrijkste factoren waarin je kunt investeren, zeker in sociaaleconomisch zwakkere gebieden. En ik denk dat het heel erg belangrijk is om toe te werken naar goede mobiliteitsverbindingen. Als mensen dan opgesloten zitten in een woning of regio, kunnen ze met een goede verbinding in elk geval goede banen bereiken."

(advertinsje)
(advertinsje)