Wetterskip baggeret Hallumer Feart foar bettere trochstreaming

07 nov 2019 - 15:04

It wetterskip set heal desimber útein mei it baggerjen fan in stik Hallumer Feart. De feart wurdt djipper makke, om der foar te soargjen dat it wetter better nei it fierderop lizzende gemaal De Heining streamt.

De Hallumer Feart yn Hallum sels - Foto: Google Street View

It giet om de fiif kilometer tusken de Dokkumer Ie en de Ljouwerterdyk yn Hallum dy't baggere wurde. It wurk soarget der ek foar dat de wetterkwaliteit ferbetteret, wat goed is foar de bisten en planten.

Ut in kontrôle fan it Wetterskip hat bliken dien dat in lyts diel fan de bagger fersmoarge is, dat moat ôffierd wurde nei in spesjaal bedriuw. It oare wurdt fia buizen nei in stik greide yn de buert brocht, dêr't it ferwurke wurdt.

It baggerjen duorret oant begjin takom jier. Under it wurk is de feart troch de wike ôfsletten foar farferkear, yn it wykein is er wol iepen.

(advertinsje)
(advertinsje)