Issa Kallon noch fraachteken by Cambuur foar útwedstriid tsjin Roda JC

07 nov 2019 - 14:58

Sportklup Cambuur hat yn de oanrin nei it útduel tsjin Roda JC te krijen mei personiele problemen. Sa kin de klup freedtejûn yn de útwedstriid tsjin Roda JC net beskikke oer ferdigener Jordy van Deelen. Van Deelen hat syn knibbelbân ôfskuord yn de thúswedstriid tsjin NEC en leit der fjouwer moanne út. Ek Issa Kallon is noch in fraachteken by de Ljouwerters.

Trainer Henk de Jong koe noch net sizze oft de rappe oanfaller fit genôch is om de útwedstriid freed tsjin Roda JC te spyljen. "It is noch efkes ôfwachtsjen", sei De Jong tongersdei nei de training. "We beslisse dat nei alle gedachten op it lêste momint." As Kallon net spylje kin, is Antonia nei alle gedachten syn ferfanger.

De Jong beskôget de útwedstriid tsjin Roda JC as in soarte fan finale. "Ik bedoel dêr mei dat it foar ús in útdaging is om in lestige útwedstriid ris in kear te winnen. De trainingsyntinsiteit is grut. It spat der ôf. Dan is it moai as je je sels witte te beleanjen."

Roda JC drege tsjinstanner

Roda JC liket de saken organisatoarysk wer wat op de rails te hawwen en is in drege tsjinstanner, sa fynt ek de trainer fan Cambuur. "In lestige tsjinstanner, mar dat binne wy sels ek. Wy hawwe tsien wedstriden achter inoar net ferlern. Wy gean fan ússels út. Ik haw der alle betrouwen yn."

Oanfierder Erik Schouten ferwachtet dat Cambuur freedtejûn it spul meitsje moat. "Je zag het aan NEC, die zakken wat in. En ik denk dat meerdere tegenstanders gaan inzakken als ze tegen ons spelen. Dat is ook logisch als je zoveel scoort als wij doen. Dat is een groot compliment, maar het is ook een uitdaging om die tegenstanders dan weer te bespelen."

Hoewol't Cambuur de koprinner fan de earste difyzje is, en Roda JC op dit stuit trettjinde is, wol Schouten neat witte fan in favoriterol. "Zij zijn dit seizoen niet zo goed begonnen, maar dat kwam ook door de chaos binnen de club. Je ziet dat veel ploegen het daar moeilijk hebben. Het is een stugge ploeg met jongens met veel kwaliteit."

By Cambuur is Giovanni Korte ek noch altyd blessearre. Hy komt nei alle gedachten nei de winterstop pas wer werom. Sven Nieuwpoort slút nije wike wer oan by de seleksje en Jordy van Deelen is sa'n trije oant fjouwer moanne útskeakele fanwegen in knibbelbânblessuere. De Cambuur ferdigener wurdt nije wike operearre.

Fermoedlike opstelling Cambuur tsjin Roda JC: Stevens; Sambissa, Schouten, Mac-Intosh, Schmidt; Hoedemakers, Jacobs, Maulun; Antonia (Kallon), Mühren, Oratmangoen.

(advertinsje)
(advertinsje)