ROF: "Nij wetsfoarstel Grapperhaus jildt benammen foar dôfhûdige drankriders"

Even in buorrel op in jierdei of noch ien pilske op in feestje en dan dochs yn de auto stappe nei hûs ta. It bart faker ast tinkst, seit it Regionaal Orgaan verkeersveiligheid Fryslân (ROF). Minister Grapperhaus fan Feilichheid en Justysje wol maatregels en stelt in nije wet foar. It ROF sjocht net allinnich foardielen.
Drankride © Shutterstock.com
Ut ûndersyk docht bliken dat der hieltyd mear ûngelokken binne, dêr't drank by yn it spul is, ek yn Fryslân. Neffens Sipke van der Meulen fan it ROF komt dat, omdat der minder alkoholkontrôles binne yn de provinsje en de automobilisten dy't mei drank op achter it stjoer stappe dat ek witte.
Grapperhaus wol no by wet regelje datst fuortendaliks in rydûntsizzing krijst, ast mei te folle drank op pakt wurdst. Van der Meulen fynt it moai dat de minister benammen de earnstige oertrêders, minsken dy't faker mei drank op achter it stjoer stappe, oanpakke wol. It neidiel is neffens him wol dat er mar op in lytse groep yngrypt.
Van der Meulen: "It útstel dat de minister docht, jildt benammen foar minsken dy't fanwege har alkoholoertrêding foar de rjochter komme. Dan moatte je dus ek al behoarlik drank op hân ha. It jildt net foar de hiele grutte groep dy't mei fiif alkoholkonsumpsjes achter it stjoer sit. Dy bliuwe gewoan yn it administrative rjocht."

Fuortendaliks rydûntsizzing

Minsken dy't yn it strafrjocht telâne komme en in rydûntsizzing fan de rjochter krije, kinne no noch berop oantekenje en trochride. Neffens it nije plan fan de minister giet de rydûntsizzing fuortendaliks yn. De rjochter kin ek in langere rydûntsizzing oplizze oant maksimaal fiif jier, no is dat noch twa jier. Boppedat is in automobilist syn rydbewiis kwyt as er in ûntsizzing fan twa jier of langer krijt. Nei dy perioade mei in oertrêder pas wer rydeksamen dwaan.
Van der Meulen tinkt dat der wol draachflak is yn de Keamers foar it foarstel fan Grapperhaus. "Ja, je kinne der wol op rekkenje dat dizze wet oankommend jier yngiet."
Sipke van der Meulen fan it Regionaal Orgaan verkeersveiligheid Fryslân (ROF)