Jordy van Deelen fjouwer moanne oan 'e kant mei ôfskuorde knibbelbân

Cambuurferdigener Jordy van Deelen hat yn de wedstriid tsjin NEC ferline wike freed in blessuere oan de knibbelbân oprûn. De wedstriid einige op 0-0, mar yn de earste helte foel Van Deelen út mei in blessuere.
© Orange Pictures
Van Deelen botste yn de 20e minút fan de wedstriid tsjin in tsjinstanner oan en koe net fierder spylje. Undersyk yn it sikehûs hat útwiisd dat der sprake is fan in ôfskuorde knibbelbân. "Ik voelde gelijk na die botsing dat er iets mis was in mijn knie. Dan hoop je dat het meevalt, dat het een kleine verrekking is of zo, maar helaas is gebleken dat dat niet zo is. Het enige positieve is dat het gelukkig geen kruisband is," sa seit Van Deelen.

Net earste blessuere oan 'e knibbel

De rjochtsback hat der ferline jier hast in seizoen lang út west mei in krúsbânblessuere. De spiler wie benaud dat soks no wer it gefal wêze soe.
Omrop Fryslân makke ferline seizoen dizze reportaazje oer de refalidaasje fan Van Deelen:
Jordy van Deelen by de refalidaasje fan syn foarige blessuere
Dat blykt dus net it gefal en dat kinne je in gelok by in ûngelok neame. Van Deelen wurdt nije wike al operearre en tinkt dat de refalidaasje sa'n trije - oant fjouwer moanne duorje sil. Foar in krúsbânblessuere stiet in minimale refalidaasjetiid fan sa'n njoggen moanne.
Neffens Van Deelen hat hy wol in mentale tik krigen fan dizze nije blessuere, mar hy is ûndertusken wer striidber om op nivo werom te kommen. "Het ging eindelijk weer lekker. Ik heb de hele voorbereiding meegedaan, de hele rechterkant ging ik over. En dat gebeurt dit. Ik moet de knop nu snel omdraaien en keihard gaan werken."
Geert van Tuinen yn petear mei Jordy van Deelen