Frou Westra-Zijlstra (88) kin âlderein Abbingahiem wat nijs foarlêze

07 nov 2019 - 12:27

Akky Westra-Zijlstra lêst faak foar oan de âlderein fan Abbingahiem yn Ljouwert. No is dat op himsels net sa bysûnder, mar frou Westra-Zijlstra is sels ek al 88. En om de âlderein wat nijs foar te lêzen, wie se op syk nei lektuer fan de Fryske kabaretier en teätermakster Akke Radsma.

Foto: Otte Akkerman

De âlderein fan Abbingahiem hie alris sein dat se graach nei de ferhalen fan Akke Radsma lústerje woe. Yn it radioprogramma Muzyk yn Bedriuw fan Omrop Fryslân die frou Westra-Zijlstra dêrom woansdei in oprop foar de boekjes fan Radsma. Otte Akkerman hearde dy oprop ek, en melde him by de Omrop. Syn pake Paulus Akkerman hat de ferhalen foar Radsma skreaun.

'Boekjes dûbeld ha je net safolle oan'

Otte sammelet de ferhalen en boekjes fan syn pake. It giet dan om krystferhalen, berneboeken en meardere koarte ferhalen. Mar ek om de ferhalen dy't syn pake foar Radsma makke hat. "Ik ha trije boekjes dûbeld. En dûbeld ha je net safolle oan. Dy mei frou Westra-Zijlstra wol fan my ha. En oar materiaal soe even kopiearre wurde moatte. Se stean hjir yn de kast."

Foto: Otte Akkerman

Akky Westra-Zijlstra is hiel wiis mei de lektuer: "De bewenners sille hjir ek hiel bliid mei wêze. As ik de boekjes út ha, mei menear Akkerman se ek wol wer werom ha." Mar dêr wol Otte neat fan witte. "Dy trije dûbele boekjes mei mefrou sawiesa hâlde."

'Der barre soms dochs noch wûnderen'

Mei de boekjes fan Otte Akkerman komt in ein oan in jierrenlange syktocht fan frou Westra-Zijlstra. "Ik ha hiel faak al efkes frege oft ien it koe. It slagge nea, mar no wol. En sa sjogge je mar wer, der barre soms dochs noch wûnderen."

Frou Akky Westra-Zijlstra krijt de boekjes

(advertinsje)
(advertinsje)