Ynbrekkers slaan opnij ta by kleanwinkel yn Frjentsjer

07 nov 2019 - 11:54

Foar de twadde kear yn trije wiken tiid is der ynbrutsen by in kleanwinkel oan de Breedeplaats yn Frjentsjer. By de earste ynbraak by PM Mannenmode waarden der djoere jassen fan it merk Parajumpers meinaam.

De winkel dêr't de stellerij plak fûn - Foto: Omrop Fryslân

Ek dizze kear kamen de ynbrekkers binnen troch in etalaazjerút yn te smiten. Der binne opnij jassen meinaam en der is in greep yn de kassa dien. Hoe grut de skea is, is noch ûndúdlik.

De plysje sjocht dat der in soad ynbraken yn Noardwest-Fryslân binne op it stuit en warskôget om wach te wêzen op fertochte sitewaasjes.

(advertinsje)
(advertinsje)