Sukses foar dokumintêre oer frachtweinsjauffeur Harm dy't Harriët waard

07 nov 2019 - 11:24

De dokumintêre 'Mevrouw Faber' oer frachtweinsjauffeur Harm út Wommels, dy't tenei as Harriët troch it libben giet, is in grut sukses. Regisseur Job Tichelman fan Kûbaard fertelde woansdeitejûn op it poadium fan IepenUP Live dat mear as 350.000 minsken nei de útstjoering op de lanlike telefyzje sjoen ha dizze wike.

Harriët en Siepie mei yn in rolstoel tusken har yn Job Tichelman - Foto: Omrop Fryslân

Dernjonken krijt hy tal fan oanfragen om de film te fertoanen. De resinsjes en reaksjes binne oant no ta tige posityf. Tongersdeitejûn wurdt de film fertoand op it Noordelijk Film Festival yn Ljouwert.

IepenUp stie woansdei hielendal yn it teken fan Queer Cinema. Wylst yn De Harmonie de 40e edysje fan it Noordelijk Film Festival úteinset is, komt IepenUP dizze wike mei in oanfoljend fimfestival, wêryn't de fokus leit op minsken dy't net heteroseksueel binne en dêr foar útkomme wolle. Elkenien op syn of har eigen wize.

Haadrolspilers Harriët en har partner Siepie fertelden de oanwêzige gasten yn Neushoorn Café Backstage hoe't de transysje fan ynfloed west hat op harren libben. Nettsjinsteande alle swierrichheden binne beiden noch hieltyd in leafdespear. Se wiene fol lof oer de reaksjes en akseptaasje fan doarpsbewenners, famylje en freonen op it feroaringsproses fan Harm. De lanlike belangstelling nimme se op de keap ta, omdat beiden hoopje dat de dokumintêre manlju en froulju dy't har net thúsfiele yn har eigen lichem, in triuwke yn de goeie rjochting jaan kin.

Foto: Omrop Fryslân

Performer Juno, oarspronklik fan Skylge, liet sjen dat net elke man syn transysje ta frou yn stilte en beskiedenheid trochmakket. Juno socht yn har act krekt alle grinzen fan de drag queen op mei har kostúm, make-up en gebearten.

De âld-Ljouwerter fotograaf Hans van der Kamp, dy't op fersyk fan de oerheid ynkoarten in lanlike foarljochtingsfilm meitsje sil oer dit ûnderwerp, joech it publyk oan de hân fan foto's in byld fan de ûntwikkeling fan de queer-scene troch de jierren hinne. Sjoernalist Asing Walthaus liet mei fragminten sjen hokker plak homoseksualiteit en queer yn de Nederlânske films hat. IepenUP Live fertoant oant en mei snein 10 novimber alle dagen in film of dokumintêre om it tema Queer Cinema hinne. De tagong is fergees.

Oandacht foar it ûnderwiis

Nije wike is IepenUP Live der wer, mei oandacht foar it ûnderwiis. Komt dat op de kop ferkeard yn Nederlân en binne de stakingsaksjes fan it ûnderwizend personiel terjochte? Binne de finansjele tasizzingen fan Den Haag wol of gjin garânsje foar better ûnderwiis?

IepenUP Live wurdt alle woansdeis útstjoerd út Neushoorn wei yn Ljouwert. Belangstellenden binne wolkom fan 19.30 oere ôf. De tagong is fergees. De útstjoering is fan 20.00 oere ôf te folgjen fia in livestream op de Facebookpagina's fan IepenUP en Omrop Fryslân, Omropfryslan.nl en de Omrop-app.

(advertinsje)
(advertinsje)