Dúdlike taal yn Dantumadiel en Noardeast-Fryslân

07 nov 2019 - 10:42

Dantumadiel en Noardeast-Fryslân slute harren as earste gemeenten yn Fryslân oan by de 'Direct Duidelijk'-kampanje fan it Ministearje fan Ynlânske Saken. De kampanje helpt oerheidsynstânsjes op gong by it begryplik meitsjen fan skriftlike kommunikaasje, lykas bygelyks brieven.

It gemeentehûs fan Dantumadiel - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

André Hofer fan de gemeente Noardeast-Fryslân seit dat de gemeente in ferbetterslach meitsje wol. "Wy wolle graach dat ús ynwenners fuort snappe wat wy bedoele. Sa misse se gjin kânsen en kinne se meidwaan yn de gemeente. Elkenien dy't brieven of foarstellen skriuwt foar de gemeente moat dus no in training folgje."

André Hofer fan de gemeente Noardeast-Fryslân

Ynkoarten sille wethâlders Rommy Kempenaar en Theo Berends de 'Direct Duidelijk'-deal ûndertekenje. Dêrmei prate sy ôf dat se belied meitsje om dúdlik te kommunisearjen, dat se fêstlizze wat der konkreet ferbettere wurde moat en hoe't sy de risseltaten dêrfan beoardielje sille. Meiwurkers krije bygelyks help om fuortendaliks dúdlik te kommunisearjen.

In protte minsken fine it taalgebrûk fan de oerheid te dreech. Dêrom is steatssekretaris Raymond Knops yn 'e mande mei it Nederlânsk Flaamske Netwerk Begrijpelijke Overheid de kampanje 'Direct Duidelijk' begûn. Dêryn wurket it ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes gear mei de Nederlandse Taalunie en 70 oare organisaasjes, wêrûnder de VNG (Vereniging Nederlandse Gemeenten).

(advertinsje)
(advertinsje)