Ljouwerter studio lûkt artysten út it hiele lân

07 nov 2019 - 10:28

Artysten út it hiele lân komme nei de studio fan Ico Balt en syn kompanjons yn Ljouwert om hjir te wurkjen. Se skriuwe mei de muzikanten muzyk en nimme it op. Hoechst net yn it Westen te sitten om sukses te hawwen, sa seit hy. "Je moet gewoon een goed product hebben. Ik denk dat de atmosferische sound die we hebben aanspreekt."

Hy is der bliid mei dat de studio yn Ljouwert sit. "We worden minder beïnvloed door de visie en meningen van de industrie. Bovendien is Leeuwarden er door culturele hoofdstad mooier op geworden en dat is aantrekkelijk, ook voor als we mensen uit het westen hier hebben. Ik denk wel dat het een kwestie is van doorpakken nu. Er wordt veel gepraat en er is veel discussie. Dat is goed, maar ik vind dat deze energie beter gestoken kan worden in het echt doen van dingen."

Ferslachjouwer Wendy Kennedy praat mei Ico Balt

It Kulturele Haadstêdjier sit derop. De keunst en kultuer yn Fryslân hawwe in flinke boost krigen. Mar is dat bliuwend? Om dit te ûndersykjen folget Omrop Fryslân dit jier ferskate jonge kreativelingen dy't der bewust foar kieze om yn Fryslân te bliuwen, om't se hjir kânsen sjogge. Earder seagen we by Wytse Dijkstra, Esther de Jong, Brecht Wassenaar en Florian Cats.

(advertinsje)
(advertinsje)