Rêding foar Fryske Akademy, provinsje ta de bûse

07 nov 2019 - 10:00

De provinsje Fryslân stipet de Fryske Akademy mei mear jild. It giet om in bedrach fan ien miljoen euro, ferspraat oer de kommende fiif jier. Mar oan dat ekstra jild sitte ek ekstra ferplichtingen, sa seit de provinsje.

De Fryske Akademy hat op dit stuit in struktureel tekoart fan 350.000 euro yn it jier. De Akademy makke sels op de Akademydei fan ferline jier buorkundich dat it ynstitút reorganisearje wol. Direkteur Willem Smink levere hjirfoar in plan yn by de Provinsje Fryslân en by de KNAW, de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen. Deputearre Sietske Poepjes, doe noch ferantwurdlik foar de Fryske Akademy, liet ferline jier al in Gateway-ûndersyk útfiere nei de situaasje fan de Fryske Akademy.

Ek ekstra jild foar reorganisaasje

Ut dat ûndersyk die bliken dat der op koarte termyn yngrepen wurde moast by de Akademy. De provinsje lûkt de kommende fiif jier alle jierren 200.000 euro út foar de Akademy. Boppedat komt der 350.000 euro beskikber om de reorganisaasje mooglik te meitsjen.

Op dit stuit stiet de Akademy ûnder lieding fan ynterim-direkteur Willem Smink. Ferantwurdlik deputearre Avine Fokkens wol dat der sa gau as mooglik in fêste direkteur oansteld wurdt. Fierder moat de Akademy faker oan de provinsje sjen litte wêr't se mei dwaande binne.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

We willen graag dat er kwalitatief en kwantitatief meer output komt.

deputearre Avine Fokkens

Deputearre Avine Fokkens: "De Akademy zit in zwaar weer en wij willen als provincie graag helpen. Daar staat wel tegenover dat we enkele eisen gaan stellen. Denk aan intensievere samenwerking met partners als Tresoar, de Rijksuniversiteit Groningen, University Campus Fryslân of het Fries Planbureau.

Fokkens fynt dat der op dit stuit in ûnbalâns is yn de ferhâlding wittenskippers en it oare personiel. "We willen graag dat er kwalitatief en kwantitatief meer output komt en daarvoor hebben we meer wetenschappers nodig. Dat is ook de vraag vanuit de Akademy zelf."

(advertinsje)
(advertinsje)