Kollum: "Hagelnij"

"Der is wat nuvers bard, dizze wike. Ik hie myn laptop ynlevere foar in reparaasje oan it toetseboerd. Dêr wie in euvel dêr't de fabrikant fan dizze fierstente djoere kompjûter bekend mei is. Se ha in serviceprogramma foar dit type laptop, en it wurdt fergees reparearre.
© Omrop Fryslân
De Toan fan Botte Jellema
Lang ferhaal koart, ik brocht de laptop nei in reparaasjewinkel, en nei in fierstente lange tiid krige ik 'm dizze wike werom. De fleurige dame achter de baly fertelde dat ik yn feite in hagelnije kompjûter krigen ha. Want it ferfangen fan it toetseboerd betsjut yn dit gefal dat it hiele ûnderste diel fan de laptop ferfongen wurde moat. En, sa sei se, der wie ek in serviceprogramma foar it byldskerm, dêr't myn laptop foar yn oanmerking kaam, dus dat hiene se ek ferfongen. Der mankearre yn myn eagen neat oan. Mar dat betsjut dat it boppeste diel fan 'e laptop ek nij is. Allinnich it 'moederbord', sis mar, it binnenste, is noch fan myn goede âlde kompjûter. Myn reaksje wie in oprjocht 'huh?'.
Mar dochs fiel ik my op gjin inkeld punt beswierre yn dizze transaksje. Ofsjoen fan it feit dat der no dus in heale kompjûter mei in prima byldskerm de recycling yn giet. De kompjûter is fan Apple en dat bedriuw hat mear as 300 miljard dollar op de bank stean, dêr't se fan gekkichheid al jierren net mear witte wat se der mei moatte. Ut dat jild, sa sjoch ik it no yn elk gefal, wurdt dizze hiele grap betelle. It is lestich dêr wat op tsjin te hawwen.
Dat ha ik wolris oars. Ik wit noch dat ik nei myn ferhuzing in nije húsdokter socht, en nei syn sprekoere kaam foar wat ûnbelangryks. Doe't we it dêr oer hân hiene, pakte ik myn jas al wer fan de stoel, wêrop't hy syn hannen achter de holle geardie en sei: fertel ris wat mear oer dysels. Ik wie stupéfait; in dokter dy't de tiid naam foar in pasjint, ik kin as subjekt dochs net dizze oanslach op ús soarchstelsel dwaan, en wêr wurdt dit fan betelle? Gedachten dy't ik 'ter plekke' letterlik hie, kalvinistysk en de komplete skuld fan 'e maatskippij foar de oerbelêste dokters op mysels ladend. Dizze oandacht kaam út krapte. De oandacht foar myn kompjûter komt út oerfloed.
Der is mear sokke oerfloed. Fan 'e wike waard bekend dat Uber, it Amerikaanske bedriuw foar hipsterferfier, in ferlies fan 1,2 miljard dollar makke hat. Let op: dit is in kwartaalsifer. Op elke taksyrit leit Uber jild by. Dit jild komt fan ynvestearders dy't om magyske redenen Uber al tsien jier lang in start-up mei potinsje fine.
Money-burning technology companies, sa neamt The New York Times se. Neist Uber giet dat ek oer WeWork en bygelyks Lyft. Ast dy ferdjippest yn de wûndere wrâld fan de start-ups - as se mear as in miljard wurch binne op de beurs dan hjitte se unicorns - dan falst fan de iene fernuvering yn de oare.
De earste is, dat de finansjele bubbel dêr wier net te leauwen is. Nei de techbeurs-ympasse fan om de iuwwikseling en de finansjele krisis fan tsien jier lyn hinne, soest dochs wat oars ferwachtsje. De twadde is hoe oerkonservatyf oft myn Nederlânske hannelsgeast is. Ik tink dochs gau dat as it te moai is om wier te wêzen, it dat meastentiids ek is. Mar sjoch ris: ús oerheid kin al jild liene en dêr op ta krije. Fansels is dat allinnich foar oerheden en ienhoarnen, en dit klapt fansels in kear yninoar, mar it bestiet no al, en sommigen dûnsje op de fulkaan.
De tredde is dat dit miskien in fulkaan wêze mei, mar dat der yn elk gefal dûnse wurdt. Soere kolumnisten sa as ik dy't Uber evil neame, steane mei lege hannen oan 'e kant. Dat we fan hurd wurkjen net mear ryk wurde, moatte we noch oan wenne. It binne tiden om it systeem oan de binnenkant út te holjen. Hoe etysk it is, falt noch te besjen, mar it binne tiden fan opportunisme: ryd mei Uber en krij jild ta.
En it docht my fielen as oft ik in synyske âlde man bin, wat ik fansels ek gewoan bin. Mar dan no wol in synyske âlde man mei in fergeze hagelnije kompjûter."