Grutte rampoefening op It Hearrenfean ferrint "bêst soepel"

In bus mei slim ferwûne passazjiers dy't fêstsitte, in trekker mei oanhinger dwers op de dyk, in tal auto's oer de kop en yn it wetter en sa'n 25 slachtoffers. Omstannichheden dy't hearre by de grutte rampoefening dy't woansdeitejûn op It Hearrenfean hâlden is. Op it earste gesicht is de oefening goed ferrûn neffens de dielnimmers, mar der folget noch in evaluaasje.
Oefening Tsjongerskans
In grut tal ynstânsjes, sa as de brânwacht, de plysje-akademy, meldkeamer Noard-Nederlân, Arriva en Kijlstra Ambulânsesoarch, wie útnûge troch sikehûs Tjongerschans, om mei te dwaan oan de oefening. Op papier wie it alris trochnaam, mar dit kear waard alles yn de praktyk brocht. Der waard in swier ûngelok mei in bus fan Arriva yn sêne set, sadat alle ferskate ôfdielingen goed yn 't spier komme koene.
Ytje Sikkema wie triaazjedokter by de rampoefening. Sy moast beoardielje hokker slachtoffers nei de Spoedeisende Hulp moasten en hokker by in oare ôfdieling behannele wurde koene. "Dus foaral sjen wa't it siikst is en direkt holpen wurde moat", leit Sikkema út.
Neffens har is it belangryk by sa'n rampoefening dat se dúdlikheid krije oer hoe't de pasjintestream giet. "Yn it echt is der dochs wol wat gaos en je besykje it 'gestroomlijnd' te dwaan. Watfoar letsel ien presys hat, is yn earste ynstânsje foar my noch net iens sa belangryk. Behalve dat ik wit dat se goed holpen wurde", seit Sikkema.

Soepel ferrin

Dieuwke van den Bosch, adviseur krisisbehearsking by Tjongerschans, wie tefreden oer it ferrin fan de rampoefening. "De earste yndruk is dat it bêst soepel ferrint." De oefening wurdt letter noch evaluearre troch de ferskate ôfdielingen en ynstânsjes.
Ferslachjouwer Willem de Vries wie by de grutte rampoefening