PvdA stelt fragen oer lûdsoerlêst Stiens en ferâldere lûdswâlen by N357

06 nov 2019 - 22:03

De PvdA yn Provinsjale Steaten wol opheldering ha oer de lûdsoerlêst fan omwenners yn de omjouwing fan de N357 by Stiens. Steatelid Edou Hamstra hat klachten krigen fan de omwenners op it stik by de Hege Hearewei en de rotonde mei de ôfslach rjochting Sint-Anne.

De N357 by Stiens - Foto: Google Street View

De omwenners sizze dat in mooglik fersakke of ferâldere lûdswâl en mear ferkear nei de oanlis fan de Heak om Ljouwert hinne de oarsaken wêze kinne.

De PvdA wol fan ferantwurdlik deputearre Avine Fokkens witte oft de provinsje koartlyn noch lûdmjittings dien hat by de dyk. Ek wol de partij witte oft de lûdkearende maatregels noch wol goed genôch binne. Steatelid Hamstra wol ek dúdlikens fan de provinsje oft oare doarpen oan de N357 of oare provinsjale diken ek lêst ha fan lûdsoerlêst.

"It beheinen fan lûdsoerlêst fine wy needsaak", seit Hamstra. "We wolle dêrom witte hoe't de provinsje lûdswâlen en oare maatregels kontrolearret op kwaliteit en effektiviteit."

(advertinsje)
(advertinsje)