100 jier radio: Snitser RadioNL hat bysûndere gasten op spesjale lokaasje

06 nov 2019 - 21:41

Dizze woansdei presys hûndert jier lyn makke de eigensinnige yngenieur Hanso Henricus Schotanus à Steringa Idzerda út Weidum de earste radio-útstjoering fan Nederlân. Under de reek fan Utrecht wiene by in spesjale útstjoering fan it Snitser RadioNL bysûndere gasten út de radiowrâld, ûnder wa André van Duin, Erik de Zwart en Willem van Kooten alias Joost den Draaijer.

De Gerbrandytoer by IJsselstein - Foto: Google Street View

Van Kooten fynt it in moaie dei: "We zitten hier heel hoog, op 65 meter hoogte. Je kijkt hier uit op Midden-Nederland: de brug van Vianen, de Lek, de A2. Prachtig."

De spesjale útstjoering wie yn de Gerbrandytoer yn IJsselstein. Dy toer is wer ferneamd nei âld-premier Pieter Sjoerds Gerbrandy út Goaiïngea.

Ynternasjonale radio

Dêr hat Van Kooten ek in diel fan syn jeugd trochbrocht. "Ik speelde er met Geertje in de klei, zij was mijn eerste vriendinnetje."

Yn dy tiid hiene se dêr noch gjin radio. "Dat hadden de Duitsers afgepakt. Ik weet nog wel dat we de eerste radio kregen. M'n vader was ook radiogek, we luisterden altijd naar de Wereldomroep. Dat vonden m'n ouders spannend. En ik luisterde naar het American Forces Network, radio van het Amerikaanse bezettingsleger. Die hadden geweldige disc-jockeys en geweldige muziek. Zwarte muziek, de eerste zwarte muziek die ik ooit hoorde."

Willem van Kooten alias Joost den Draaijer - Foto: ANP

Op de middelbere skoalle makke Van Kooten sels foar it earst radio. "Ik werd geronseld voor de hoorspelletjes van de NCRV. Later kwam ik bij Veronica omdat ze daar een tekstschrijver zochten voor radiocommercials. En omdat er geldgebrek was in 1969 en omdat er mensen met vakantie gingen, vroegen ze of ik het Jukebox-programma kon overnemen. Zo is het eigenlijk begonnen."

Miskien oait werom nei Fryslân

Mei Fryslân hat Van Kooten noch altyd in bân. "M'n zusje woont een Ee. Het gebied ten noorden van Leeuwarden vind ik geweldig. Misschien ga ik daar ooit nog eens wonen."

Marcel de Vries fan RadioNL en Willem van Kooten

Annet Huisman fan Omrop Fryslân makke in dokumintêre oer Hanso Henricus Schotanus à Steringa Idzerda:

(advertinsje)
(advertinsje)