The Homesick tekenet by Sub Pop: yn de fuotspoaren fan Nirvana en Fleet Foxes

06 nov 2019 - 20:44

De Dokkumer band The Homesick hat in kontrakt tekene by platemaatskippij Sub Pop. Dat label komt út Seattle en is ferneamd fan de debútplaat fan Nirvana en albums fan bygelyks Father John Misty, The Shins en CocoRosie. Takom jier bringt The Homesick harren twadde plaat The Big Exercise ek út by Sub Pop. "In hiele eare", seit sjonger Jaap van der Velde.

Jaap van der Velde fan The Homesick oer it kontrakt by Sub Pop:

Twa jier lyn brochten Van der Velde, Elias Elgersma en Erik Woudwijk harren debútplaat Youth Hunt út. Dy waard posityf ûntfongen. Doe ûntstie ek it kontakt mei Sub Pop. "Sy binne ús muzyk tafallich op it paad kaam", fertelt Van der Velde. "Dat fûnen se moai. We rekken oan de praat en sadwaande komt ús twadde plaat no út by Sub Pop."

Dy plaat komt út yn febrewaris. Dan spilet The Homesick earst wat konserten yn Nederlân en dêrnei yn de rest fan Europa. "De bedoeling is dat we nei de simmer fan 2020 nei Amearika ta geane om dêr te toeren. Mar dat stiet noch net fêst."

Nirvana, Fleet Foxes en Beach House

Sub Pop is foar de wat mear alternative bands miskien wol it grutste platelabel. "It is in hiel grut label mei in grutte skiednis. Nirvana bygelyks", fertelt Van der Velde. "Mar ek de lêste jierren ha se in protte artysten dy't we leuk fine, dat ik tink dat wy dêr wol by passe. Bands as Fleet Foxes en Beach House. Binnen ús sjenre binne dat grutte bands."

Earste single

De titel fan it nije album komt út de biografy fan Scott Walker, in sjonger dy't earder dit jier stoar. Guon nûmers hat de band earder al live spile. Tongersdei brocht The Homesick de earste single fan de nije plaat alfêst út. Dat nûmer hjit I Celebrate My Fantasy.

(advertinsje)
(advertinsje)