Nij plan foar doarpshûs Feanwâlden: yn nijbou fan skoallen

06 nov 2019 - 20:14

De koälysjepartijen yn Dantumadiel en de SGP komme mei in alternatyf plan foar it doarpshûs fan Feanwâlden. Se tinke dat der by nijbou fan de skoallen yn it doarp romte ûntstiet foar de ferieningen. Sa wurde dy gebouwen ek multyfunksjoneel.

It gemeentehûs fan Dantumadiel - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

It doarpshûs fan Feanwâlden is in pineholledossier yn Dantumadiel. Earder sei it gemeentebestjoer ta dat der jild komme soe foar it doarpshûs, mar dat lutsen se letter wer yn, omdat de gemeente jildpine hat.

Definityf gjin jild foar doarpshûs

By de begruttingsgearkomsten yn Dantumadiel op moandei en tiisdei waard dúdlik dat der definityf gjin jild komt foar it doarpshûs.

"We ha begryp foar de teloarstelling en pine nei jierren fan ynspanning troch in soad frijwilligers", seit riedslid Ayje Sikma fan Sociaal Links. "Mar we sjogge gjin oare mooglikheid sûnder de finansjele posysje fan de gemeente noch fierder te ferminderjen."

Op termyn ferfanging of nijbou

As alternatyf komme Sociaal Links, Gemeentebelangen, ChristenUnie en de SGP no mei in fersyk foar in brede fyzje op de húsfêsting fan ferieningen, tsjerken en skoallen. Neffens de partijen binne de skoallen yn Feanwâlden op termyn oan ferfanging of nijbou ta. Dat is miskien in kâns om dy skoallen sa te bouwen dat ferieningen der ek gebrûk fan meitsje kinne, is it idee fan de partijen.

In mearderheid fan de ried stimde foar de plannen. It kolleezje sil op koarte termyn mei de plannen oan de slach. Oan de ried fertelde wethâlder Gerben Wiersma dat alle ferieningen út it doarp meinommen wurde yn de plannen.

Bestjoer

Yntusken is it bestjoer fan de stichting Doarpshûs MynSkip yn petear mei in eksterne jildsjitter, de stichting KNHM. Dat is in partij dy't maatskiplike projekten lykas doarpshuzen finansierret. Dy organisaasje hat sels kontakt socht mei de stichting fan it doarpshûs. "It is in serieuze partij", seit foarsitter Roel Dijkstra fan de stichting MynSkip.

(advertinsje)
(advertinsje)