Raad van State jout grien ljocht foar busstasjon Boalsert

De oanlis fan it nije busstasjon yn Boalsert, op de hoeke fan de Twibaksdyk en it Industriepark kin no dóchs trochgean. Dat hat de Raad van State bepaald.
© Google Streetview
Neffens de Raad van State is de mooglike lûdsoerlêst fan it busstasjon foar de omwenners no foldwaande ûndersocht. De gemeente hat it plan foar it busstasjon wol wat oanpast. Dêrtroch komt it minder ticht by it hûs fan de beswiermakker.
Yn 2017 waard de gemeente noch troch de rjochter weromfluite, omdat der tefolle lûdsoerlêst ûntstean soe. Dat de Raad van State no akkoart is, betsjut net dat de skeppe fuortdalik de grûn yn kin. De gemeente Súdwest-Fryslan wol it plan noch ien kear besjen en dan kin de oanbesteging begjinne.
It besteande busstasjon oan de Snekerstraat, wurdt yn de takomst ynrjochte as parkearterrein.