Plysje rôlet himpkwekerij mei 130 plantsjes yn Ljouwert op

06 nov 2019 - 18:11

De plysje hat woansdei yn Ljouwert in himpkwekerij yn Ljouwert oprôle. Oan de Wismastate fûn de plysje yn in wenning 130 himpplanten.

Foto: Politie.nl

De ynfal fan de plysje wie nei oanlieding fan meldingen en klachten. De plysje fûn net allinnich himpplanten; de stroom waard ek stellen. De planten en apparatuer is yn beslach nommen en fernield.

De plysje hat gjin fertochte oanholden.

Trefwurden: 
himp himpkwekerij Wismastate
(advertinsje)
(advertinsje)