Undersyk Wetterskip: PFAS yn bagger ûnder de noarm

06 nov 2019 - 17:51

De konsintraasje fan PFAS yn de bagger bliuwt yn ús provinsje ryklik ûnder de noarm. Dat docht bliken út ûndersyk fan Wetterskip Fryslân. Sûnt 1 oktober jilde yn Nederlân foar PFAS strange noarmen foar it fersprieden en tapassen fan grûn en bagger.

Foto: Omrop Fryslân

It wetterskip begrypt dat lâneigeners soargen ha oer it ûntfangen en it ferwurkjen fan bagger. Dêrom wol it wetterskip ek witte hoe't de situaasje hjir is kwa fersmoarging mei PFAS. Se ha de boaiems fan tweintich sleetten en fearten ûndersocht om te sjen wat it effekt fan de regels is op it baggerwurk.

Omdat se ûnder de noarm bliuwe, kin it wetterskip fierder mei it baggerjen yn it bûtengebiet en it ôfsetten fan de bagger. Lâneigeners kinne ek trochgean mei it opromjen en fersprieden fan it bagger sûnder dat it gefaar foarmet foar de sûnens fan de minske, bist of it miljeu, neffens it wetterskip.

(advertinsje)
(advertinsje)