Takomst swimbad Hallum de kommende seis jier feilich

06 nov 2019 - 16:32

Swimbad 'De Sawn Stjerren' yn Hallum hâldt de kommende seis jier syn jierlikse subsydzje fan de gemeente Noardeast-Fryslân. Dat stiet yn in oerienkomst tusken de stichting De Sawn Stjerren en de gemeente, dy't ûndertekene is troch wethâlder Pytsje de Graaf en foarsitter Hillema.

Foto: Omrop Fryslan

Alle jierren lûkt it swimbad ûngefear 35.000 besikers. Neffens wethalder Pytsje de Graaf giet it dêrmei om in wichtige foarsjenning dy't alle jierren in hiel soad minsken lûkt. It behear en it ûnderhâld fan De Sawn Stjerren wurdt al jierren dien troch frijwilligers. Troch de oerienkomst mei de gemeente bliuwt dat de kommende jierren sa.

(advertinsje)
(advertinsje)