Plestik flomke populêr by Friezen

06 nov 2019 - 16:14

It seksboartersguod dêr't yn Fryslân online it meast nei socht wurdt, is de saneamde fleshlight. Dat docht bliken út in ûndersyk fan beslist.nl. Ut itselde ûndersyk komt nei foaren dat Friezen op ynternet it minst sykje nei ereksjemiddels.

Neffens Mark Muller fan erotykwinkel Euphoria op It Hearrenfean en yn Ljouwert is it wol ferrassend dat it boartersdinkje foar manlju sa goed skoart. "Dat was heel anders dan in andere provincies. Het bestaat al jaren. Maar ze zijn heel populair, omdat het heel realistisch is. Een speeltje voor de penis is het."

By Euphoria binne fleshlights ek populêr, mar hy sjocht ek oare trends: boartersdinkjes dy't stellen mei elkoar brûke kinne.

Hieltyd normaler

Muller tinkt dat it hieltyd gewoaner wurdt om seksspultsjes te keapjen en te brûken. "Maar mannenspeeltjes lopen nog wat achter op vrouwenspeeltjes, vind ik zelf. Vibrators zagen er vroeger allemaal uit als een penis met een draaiknop, maar tegenwoordig zijn het allemaal kekke kleurtjes en vormen. Bij mannenspeeltjes komt dat nu ook een beetje. Dat vind ik zelf een goede ontwikkeling, dat maakt het ook wat normaler."

Mark Muller fan erotykwinkel Euphoria op It Hearrenfean en yn Ljouwert

(advertinsje)
(advertinsje)