1.570 bern yn Fryslân hiene ôfrûne moanne lêst fan leararetekoart

06 nov 2019 - 15:55

Yn totaal ha 1.570 learlingen yn it Fryske basisûnderwiis de ôfrûne moanne te krijen hân mei it leararetekoart. Dat docht bliken út sifers fan de webside lerarentekortisnu.nl. Dêr kinne skoallen trochjaan oft se in tekoart oan dosinten ha.

Underwiisstaking - Foto: ANP

Yn guon gefallen binne de klassen nei hûs ta stjoerd. It giet dêrby om 68 learlingen. Sa siet groep 7 fan De Diamant yn Aldegea (Smellingerlân) begjin oktober in dei thús. De fêste learkrêft wie siik en in ferfanger wie net foar hannen. "We ha tweintich fêste ferfangers en dan noch in pûl fan tweintich", sei bestjoerder Thijs Praamstra fan de skoalkoepel. "Mar somtiden komme we dan noch tekoart foar ferfanging."

Sûnder foech foar de klasse

Meastentiids fine skoallen oare oplossingen: sa binne 151 learlingen dy't in dei sûnder juf of master sieten oer oare klassen ferdield. En 236 learlingen krigen yn dat gefal les fan in persoan sûnder foech om les te jaan. Dêrnjonken stiene yn guon gefallen in direksjelid of in pensjonearre dosint foar de klasse. Yn de measte gefallen komt in parttimer in ekstra dei werom.

Mooglik giet it om noch folle mear learlingen dy't lest ha fan it leararetekoart, omdat mar trije persint fan de skoallen de ôfrûne moanne wat meld hat. Yn totaal ha fyftjin skoallen in tekoart meld yn dy perioade. It is mooglik dat der mear skoallen binne dy't mei in probleem sieten, mar neat meld ha.

Skoallen ha noch gruttere noed oer de winterperioade. "We sjogge wol mei 'angst en beven' nei it winterseizoen en de grypgolf", seit Praamstra. "Dan krije we it wierskynlik net rûn. Dan ha we noch mear ferfangers nedich en dy binne gewoan net te krijen."

Problemen wurde allinnich mar grutter

In oplossing foar it probleem is noch net fûn. In grut diel fan de minsken dy't op skoallen wurkje is âlder as 55 jier en giet yn de kommende desennia mei pensjoen. Yntusken binne der hieltyd minder studinten dy't har oanmelde by de Pabo. It tekoart oan leararen en direkteuren yn it basisûnderwiis is lanlik yn 2019 noch in lytse 2.000 banen. De ferwachting is dat dat yn 2028 oprûn is nei mear as 10.000.

(advertinsje)
(advertinsje)