Primeur: Fryslân hat earste 'stookalert' foar houtkachels

06 nov 2019 - 15:43

Ynwenners fan Fryslân moatte woansdei net de houtkachel oansette. Dy oprop komt fan it RIVM (Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu). Neffens it RIVM binne de waarsomstannichheden ûngeunstich, dêrtroch bliuwt de reek langer hingjen en dat kin foar sûnensklachten soargje by minsken yn de buert.

Iepen haard - Foto: Shutterstock.com

By it ferbrânen fan hout yn de kachel komme skealike stoffen frij, lykas benzeen en koalmonokside. De reek is foar eltsenien skealik, mar benammen foar minsken dy't al lêst hawwe fan de longen. It is dizze moanne foar it earst dat it RIVM mei sokke warskôgingen komt. Se neame dat in 'stookalert'.

It 'stookalert' past by de strangere regels dy't it kabinet ynfiere wol foar houtkachels. Earst soene der fan 2022 ôf strangere noarmen foar houtkachels ynfierd wurde, mar it kabinet hat besletten om de easken al op 1 jannewaris te ferskerpjen. Reden dêrfoar binne de al besteande strangere regels yn de buorlannen.

It kabinet wie benaud dat as Nederlân efter bliuwe soe, der in protte âlde kachels út België en Dútslân nei ús lân komme soene.

Flemming Cassee fan it RIVM

Trefwurden: 
RIVM houtkachel Stookalert
(advertinsje)
(advertinsje)